12 juny feest!
12 juny wer aktiviteiten
Op sneon 12 juny tusken 10.00 en 16.00 oere kinst tidens de Keunstrûte Littenseradiel wer itenspantsjes opkleurje mei filtstift en dan lekkere hapkes brouwe, by Wieke de Haan yn Mantgum.
Foar dyn âlders is der ek fan alles te belibjen want ek mei de oare boeken dy’t de skriuwster fan it Ytboekje skreaun hat, wurdt fan alles dien.
Wolst sels de kostúms ek wolris sjen dêr’t Wieke yn optreedt? Dat kin: de skelk (‘schort’) dy’t by it Ytboekje heart, de Oscarjurk makke fan jute ierappelsekken, dêr’t Wieke yn by minister Plasterk op besite west hat, de teedrink-outfit en it sûkeladepak (makke fan Chokotov en Milka sûkeladewikkels) kinst dy deis allegear besjen.
Om 16.00 oere is de presintaasje fan it nijste boekje mei as titel ‘Sara en sa’, dat wol sizze foar famkes dy’t fyftich jier of mear binne, of wurde.
